Prehistoaryske dei yn museum

© Omrop Fryslân
It doel om mear bern yn it iistidemuseum yn Bûtenpost te krijen liket helle. Op de prehistoaryske dei dy't sneon hâlden waard, wiene mear bern as folwoeksenen yn it museum en de tún.
It museum wol mear gesinnen mei bern om in oare útstrieling te jaan oan har útstallings. By de prehistoaryske dei wie fan alles te belibjen foar de bern. Se koene stiennen slypje, bôle bakke en spearen meitsje.