Dei fan de toerist yn Dokkum

25 jul 2009 - 16:18

In soad minsken hawwe sneon in besite brocht oan Dokkum foar de dei fan de toerist. It is foar de tolfde kear dat De Dokkumer ûndernimmersferiening Club '65 de dei organisearre hat.

De bedoeling is om minsken fan bûtenôf sjen te litten hoe moai en gastfrij at Dokkum is. Tal fan toeristyske attraksjes binne fergees te besjen. Keunstner Jan Kooistra hat in skilderij fan Dokkum makke dat op kaarten ôfdrukt is. De kaarten binne útdield oan it publyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)