Ekstra kontrôle Stellingwerven

It ferkear waard ek kontrolearre
Ofrûne wykein binne yn Easterwâlde en Appelskea seis auto's, in keunstwurk en de ruten fan in skoalle fernield. Earder al waard yn Wolvegea op it begraafplak en yn it doarp in soad guod stikken makke.
Yn gearwurking mei ûnder oare de gemeenten West- en Eaststellingwerf is der no in plan opsteld om de fernielers in halt ta te roppen. Sa wurdt der yntinsyf patrûljearre yn de omjouwing. Dit wykein wurde der twa plysjeminsken ekstra ynset.