Skûtsjesilen giet net troch

Skûtsjesilen giet oer fanwege de wyn
It skûtsjesilen by Starum giet sneon net troch omdat de wyn te hurd is. Yn stee fan sile, sil de bemanning fan de skûtsjes fan twa oere ôf toulûke om de titel sterkste ploech fan Starum. Dit sil heve by de Alde Haven.
Moandei is de folgjende wedstriid fan de SKS. De skûtsjes sile dan by Wâldsein. De wedstriid fan sneon wurdt tongersdeitemoarn by De Lemmer ynhelle.