Sintrum wol foks opsette

© Omrop Fryslân
Ynformaasjesintrum De Noardwester op it Flylân wol de foks dy't dêr dizze wike deasketten is, graach ha. It sintrum wol it deade bist neffens direkteur Marc ter Ellen opsette en sjen litte oan de besikers. Derom hat it sintrum in offisjeel fersyk yntsjinne by Steatsboskbehear.
Natuerorganisaasje Naturalis wol de foks ek graach ha. Dat is neffens Ter Ellen gjin probleem, sa lang at De Noardwester de hûd mar krijt.