Drost nei VVV Venlo
Fuotballer Henrico Drost fan SC Hearrenfean wurdt foar in jier ferhierd oan VVV Venlo. De ferdigener wie al op proef by VVV. Dat makket it kommende seizoen syn rentree yn de earedivyzje. Derfoar spile Drost op hierbasis by De Graafschap út Doetinchem.
De 22-jierige ferdigener spile foar Hearrenfean yn fjouwer jier tiid fjirtich wedstriden.