Hearrenfean wol Cruijffskaal

Kristian Bak Nielsen wol der graach by wêze
SC Hearrenfean sil der sneon yn de Amsterdam Arena alles oan dwaan om de Johan Cruijffskaal te winnen. Hearrenfean hat de skaal noch nea wûn, mar dat jildt ek foar tsjinstanner AZ.
It sil net tafalle want Hearrenfean hat in soad blessueres. In tafaller is Kristian Bak Nielsen. Hy kaam earder as ferwachte werom fan in blessuere oan syn haksine. Hy is noch net hielendal fit, mar wol der graach by wêze. Bak Nielsen hat hurd wurke om wer op 'e tiid fit te wêzen.