'Turfrûte gau útdjipje'
De Stichting de Nije Kompanjons dy't him ynset foar de Turfrûte wol dat it wetter gau útdjippe wurdt. Op it stuit wurdt yn opdracht fan 'e provinsje sjoen oft it mooglik is om dat te dwaan. De wâlskanten moatte der stevich genôch foar wêze.
Mar as it trochgiet kinne der skippen komme mei in gruttere djipgong en dat betsjut lúksere skippen mei dêrop minsken dy't mear te besteegjen ha. En dat is fansels wer goed foar de ekonomy en de leefberens fan 'e streek.