Jonge slacht mei ploertendoder

24 jul 2009 - 10:49

In 17-jierrige jonge út Oppenhuzen is tongersdei yn Langwar oppakt, omdat er om him hinne slein hie mei in ploertedoder. De jonge hearde by in groepke dat spul krigen hie mei de havenmaster. Oer en wer waard slein.

Befeiligingsminsken hâlden de jonge oan, en dy is doe nei it plysjeburo brocht. Mei in proses ferbaal mocht er wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)