Jonge troch winkelrút treaun

24 jul 2009 - 10:46

Yn Langwar is tongersdeitenacht in 20-jierrige man út De Jouwer oanhâlden fanwege swiere mishanneling. De fertochte hie op de Buorren in jonge fan 17 út De Jouwer sûnder oanlieding beetpakt. Dêrnei treaun er him troch it rút fan in etalaazje.

It slachtoffer rekke ferwûne oan syn gesicht en earm. De fertochte is meinaam nei it buro en dêr fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)