Sjit-ynsidint op 'e Tynje

24 jul 2009 - 10:11

In 13-jierrige jonge is tongersdei yn De Tynje ferwûne rekke by in sjitpartij. De jonge wie mei in freon op besite by in oare jonge fan 13. Dy skeat mei opsetsin op harren, mei in luchtbuks.

De plysje waard ynskeakele, en dy hat de jonge meinaam nei it buro. By him thús binne twa wapens yn beslach naam. De fertochte hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)