Berne-strjitfuotbaltoernoai

© Omrop Fryslân
Yn Drachten, Ljouwert en op It Hearrenfean wurde yn augustus strjitfuotbaltoernoaien hâlden. By it toernoai Master of the Game spylje fuotballers yn ploechjes fan twa tsjin elkoar yn in fuotbalring. It giet om jonges en famkes yn de leeftiid fan 6 oant 14 jier. Winners pleatse har foar de lanlike finales letter dit jier.
Doel fan it evenemint is om bern oan it sporten te krijen. Spesjale gasten binne bekende fuotballers as Kiki Musampa en Nordin Wooter.