Sabeare amtner yn Drachten

24 jul 2009 - 10:03

De plysje warskôget ynwenners fan Drachten foar in man dy't him foardocht as amtner fan 'e gemeente en huzen fan minsken yngean wol. Dat barde tongersdei yn de Houwenstrjitte.

De man sei de bewenster fan in hûs dat er in kontrôle dwaan woe yn ferbân mei de ferfanging fan 'e septictank. De frou liet him deryn. De man trochsocht doe it hûs en makke foto's. Ut ûndersyk die lykwols bliken dat de gemeente net ien de opdracht jûn hie foar sa'n ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)