Nij kuierpaad by Drylts

24 jul 2009 - 09:44

Der is in begjin makke mei de oanlis fan in nij kuierpaad troch de Ruterpolder by Drylts. It kuierpaad makket diel út fan it projekt dat it histoaryske ferdigeningswurk fan 'e stêd werombringt. It 2,5 kilometer lange paad rint troch fan achter it âlde Nooitgedagtfabryk troch it lân fan feehâldersbedriuw Beerda.

By it projekt heart ek noch de renovaasje fan de Ruterpolderbrêge, it ferfangen fan twa fee-oergongen en fernijing fan Uleburchbrêge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)