Amateurs sitte Cambuur dwers

© Omrop Fryslân
SC Cambuur is der tongersdeitejûn net yn slagge om te winnen fan it Heldersk alvetal. It waard 1-1. It Heldersk alvetal bestiet út in seleksje fan amateurs út de haadklasse. Cambuur krige in protte kânsen op de winst, mar ûnder oaren Bob Schepers en Danny Guijt hiene it fizier net op skerp.
Yn de earste helte kaam it Heldersk alvetal op 1-0 nei in flater fan Dennis van der Ree. Sandor van der Heide makke in pear minuten letter de 1-1.