Ielfiskers poerlilk op Verburg

23 jul 2009 - 16:01

De Kombinaasje fan Beropsfiskers ferklearret de oarloch oan minister Verburg fan LNV. It bestjoer fan de fiskers sil nije wike opstappe as de minister net weromkomt op it beslút foar in fangstferbod fan trije moannen foar de ielfiskers. Dat seit foarsitter Sicko Heldoorn fan de Kombinaasje fan Beropsfiskers.

Verburg wol mei in fangstferbod de ielstân ferbetterje. Mar sa'n ferbod sil de fiskers de nekke omdraaie, sa sa seit Heldoorn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)