Drachten: himpkwekerij oprôle
By in bedriuw oan de Ampèreleane yn Drachten is woansdei in himpkwekerij oprôle. De plysje hie in anonime melding krigen. Op de souder fan it bedriuw stiene 800 planten.
De planten en de elektryske apparatuer binne yn beslach nommen en ferneatige. Der binne gjin fertochten oanhâlden. De plysje docht fierder ûndersyk.