Teloarstelling oer Wyldemerk

23 jul 2009 - 11:48

De gemeente Gaasterlân-Sleat is teloarstelt oer it beslút om kampus De Wyldemerk by Harich te sluten. Yn in brief oan minister Rouvoet seit de gemeente gjin begryp foar it beslút te hawwen. Gaasterlân-Sleat neamt de kampus, der't probleemjongeren 24 oeren deis begelieding krije, fan grutte wearde. It is net te fertarren dat dizze no tucht giet.

De gemeente freget de minster dêrom om it beslút nochris kritysk te besjen en de kampus dochs iepen te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)