Contador mooglik nei Profronde

23 jul 2009 - 11:03

De organisaasje fan 'e Profronde fan Surhústerfean ûnderhannelet mei Alberto Contador, de man dy't nei alle gedachten de Tour de France wint. Foarsitter Heida fan it Wielercomité Surhústerfean seit dat de hurdfytser oan de organisaasje oanbean is, mar wit noch net of der genôch jild is om Contador te beteljen. Hoefolle de komst fan Contador nei Fryslân kostje moat, seit de organisaasje net.

Der wurdt ek noch praat oer de komst fan de bruorren Andy en Frank Schleck.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)