Frou ferwûne by ûngelok

23 jul 2009 - 10:03

By in ûngelok yn Drachten is woansdeitejûn in frou fan 22 jier ferwûne rekke. De frou út Drachten wie yn ferwachting. Se krige op de Noarderhegewei gjin foarrang fan in oare bestjoerder, wêrtroch beide auto's op elkoar klapten.

De frou klage oer druk yn har búk en is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)