Genôch sponsors Ballonfeesten

23 jul 2009 - 06:18

De ekonomyske krisis hat gjin effekt hân op de organisaasje fan de Fryske Ballonfeesten op De Jouwer. Troch de krisis lûke sponsors harren hieltyd mear werom út eveneminten. De organisaasje fernaam wol dat it dreger wie om sponsors te finen, mar krige genôch sinten op it kleed.

Dat wie ek nedich om fan allerhande spesjale ballonnen út it bûtenlân nei De Jouwer te heljen. Sa is der in earrebarre te sjen út Brazilië en in gigantyske brânwachtauto út Dútslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)