Koartere wurkwike jonge dokter

22 jul 2009 - 22:40

Fryske sikehûzen kinne oer twa jier in tekoart oan minsken krije, trochdat artsen yn oplieding dan minder oeren yn de wike wurkje meie. No meie sy noch 52 oeren yn de wike wurkje, mar Minister Donner makke woansdei bekend dat de maksimum wurkwike oar twa jier net langer as 48 oeren wêze mei.

In mooglike oplossing is it ynsetten fan in oar soart assistinten dy't njonken medysk spesjalisten wurkje meie, lykas diabetes ferpleechkundigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)