Fuotbalgoalen faak te leech

Dizze goal is 2.41 meter heech yn plak fan de foarskreaune 2.44
Seis fan de tsien fuotbalgoalen yn de trije noardlike provinsjes binne te leech. De latte moat offisjeel op 2.44 meter lizze, mar faak leit dy folle leger. Dat docht bliken út ûndersyk fan de KNVB.
Oarsaak binne de modderpoelen dy't faak foar de goalen ûntsteane. Troch dy geregeld fol te goaien mei sân, wurdt de ôfstân tusken de latte en de grûn hieltyd lytser. De KNVB hat no alle amateurclubs in brief stjoerd om har te wizen op it probleem.