Nijholt trainer De Sprinters

Gauke Nijholt (rjochts) mei Henk Angenent yn 2007
Gauke Nijholt fan It Hearrenfean is de nije trainer fan it froulju's maratonreedrydteam fan De Sprinters. De 71-jierrige coach folget Johan Zonderland op.
Yn it team sitte ûnder oare de reedrydsters Margo van de Merwe fan Wolvegea en Sanne Halma fan It Hearrenfean. De oare teamleden binne Jolanda Langeland en Sigrid Plender. Nijholt wie yn it ferline ûnder oare bûnscoach fan de sprintkearnploech en it reedrydteam fan TNT.