Boerebrulloft foar 55e kear

22 jul 2009 - 12:20

Foar de 55e kear is woansdei de Boerebrulloft op De Jouwer hâlden. It wie in bysûndere edysje want de boerebrulloft sit echt yn de famylje fan breid Brechtsje Bakker fan De Jouwer. Ek har heit en mem en in omke en muoike binne yn de styl fan in boerebruloft yn 1850 troud. Se troude mei Theo Wim Koopmans fan Sint Nyk.

It kaam raar op gong om't de sjees mei it breidspear stikken rekke trochdat it hynder net om lyk woe. It pear stapte yn in koets en wie dochs op tiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)