Tunnel by Snits woansdei iepen

22 jul 2009 - 12:12

Neffens Rykswettersteat kin de Prinses Margriettunnel by Snits yn de rin fan woansdei wer iepen foar ferkear.

Ien fan de buizen fan de tunnel waard begjin dizze moanne ôfsletten fanwege lekkerij. Om dy lekkerij ferhelpe te kinnen hat Rykswettersteat it asfalt út de tunnelbuis helle. Dêrnei is in tal lekkende pypkes ûnder yn de tunnel tichtmakke. De ôfrûne dagen is nij asfalt lein.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)