Ferlies thússoarchorganisaasje

Thússoarch draait ferlies troch te goedkeape húshâldlike help
In tal Fryske thússoarchorganisaasje draaie mei ferlies troch de húshâldlike help yn de WMO. Gemeenten ha dy soarch yn 2006 foar in perioade fan goed trije jier ynkocht by de thússoarch. Om konkurearje te kinnen ha de thússoarchorganisaasjes de húshâldlike help te goedkeap oanbean.
De tekoarten komme by de gemeenten telâne. Oft dat oanfolle wurdt út de reservepot of fanút it Ryk is noch net dúdlik. De soarch sil fan 2010 ôf nei alle gedachten djoerder wurde.