Notarissen noed oer frije merk

22 jul 2009 - 10:27

Hieltyd mear notarissen slute har oan by de belangeferiening de Nieuwe Stempel. Dy feriening is oprjochte troch notaris Anna de Vries fan Oerterp. Doel is om wat te dwaan tsjin kollega's dy't bot ûnder de priis wurkje.

Leden fan de Nieuwe_Stempel fine dat de frije merkwurking yn it notariaat te bot trochslein is. Se binne benaud dat dat har de kop kostet. Nei in soad Fryske notarissen slute ek kollega's út de rest fan it lân har oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)