Opskuor yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In man (26) út Ljouwert hat tiisdei foar in soad opskuor yn de haadstêd soarge. Hy wie krekt frijlitten út de finzenis en neffens tsjûgen hie er dat mei in soad drank fierd.
Hy stie te dûnsjen op De Weaze en foel doe by ûngelok yn de grêft. In omstanner helle him derút, mar de Ljouwerter sprong der fuortendaliks wer yn. Hy waard der wer úthelle en troch meiwurkers fan de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr wie er sa ferfelend dat er derút set is.