Brânwacht dravend oer brêge

22 jul 2009 - 09:54

Om in autobrân te blussen yn Earnewâld moasten leden fan de brânwacht fan Burgum rinnend oer de brêge oer it Prinses Margrietkanaal. Ferkear kin net oer de brêge om't dizze opknapt wurdt.

Om dêr te kommen, binne se mei in buske fan de kazerne nei de brêge brocht. Oan de oare kant stie in brânwachtauto te wachtsjen. By de brân yn it sintrum fan Earnewâld gienen tiisdeitenacht twa auto's ferlern. De brânwacht koe in tredde auto rêde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)