Winst foar Accell

22 jul 2009 - 09:11

De Accell Group op It Hearrenfean, bekend fan Batavus, Koga Miyata en Sparta, hat yn it lêste healjier mear winst makke. Dy gie mei 15 prosint omheech nei 22.1 miljoen euro. De omset gie omheech mei 9 prosint nei 333 miljoen euro.

Neffens it fytsefabryk rint benammen de ferkeap fan elektryske en sportfytsen goed. Ek waarden mear ûnderdielen ferkocht. Accell makket ek fitness-apparatuer. Dêr waard folle minder fan ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)