Alvestêdeswimmers op de helte

21 jul 2009 - 21:39

De groep lange-ôfstânswimmers dy't de Alvestêdetocht swimt, is mei in lytse fertraging op de helte fan it trajekt oankaam. De swimmers út Hoarn swommen tiisdeitejûn oant Starum ta.

Se lizze de tocht yn estafettefoarm ôf, wêrby't hieltyd ien swimmer begelaat wurdt troch in folchboatsje. Sân swimmers út Hoarn dogge de tocht om oandacht te fêstigjen op de Europacup lange-ôfstânswimme dy't yn augustus yn Hoarn hâlden wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)