4 jier easke tsjin oerfaller

21 jul 2009 - 16:11

Fjouwer jier sel, wêrfan ien ûnder betingst. Dat is de straf dy't tsjin in 19-jierrige Drachtster eakse is dy't in seary tige gewelddiedige oerfallen pleegd hat. Hy hat mei twa oare jonges yn desimber en jannewaris in bussjauffeur, in snackbar en in tabaksaak yn Drachten oerfallen mei neppistoalen en messen.

De Drachtster moast ek foarkomme foar in tal ynbraken en in oanranding. De slachtoffers easkje in skeafergoeding fan in pear tûzen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)