'Vegan Streaker' wie yn Makkum

21 jul 2009 - 15:18

De 'Vegan Streaker' dy't moandei oanhâlden is omdat er in oanslach op de keninginne tariede soe, is ek by de fiering fan Keninginnedei fan ferline jier yn Makkum oanhâlden. Doe waard er foarôfgeand oan de festiviteiten oppakt omdat de plysje oanwizings hie dat er neaken troch de feestlikheden hinne drave woe om oandacht te freegjen foar it wolwêzen fan bisten.

Dat hat er earder ek dien yn in programma fan Paul de Leeuw en ferskate sportwedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)