Motorrider ûnderút yn fangrail
In 22-jierrige motorrider út Eastermar is ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 yn de buert fan Drachten. De motorrider gie troch noch ûnbekende oarsaak ûnderút en bedarre yn de fangrail.
De man waard mei de sike-auto nei it sikehûs brocht. Nei behanneling mocht er wer nei hûs.