Kuilman direkteur Friese Land
Klaas Kuilman wurdt fan 1 septimber ôf de nije direkteur fan thússoarchorganisaasje Het Friese Land. Kuilman is al in jier ynterimbestjoerder by de thússoarch. Hy hat dêr it ôfrûne jier in reorganisaasje trochfierd.
Dat wie nedich fanwege de soarchlike finansjele situaasje fan Het Friese Land. De organisaasje hat 1300 meiwurkers en 15.000 klanten.