Warkumse nei Lowlands

Anne-Fleur Kan alias One Trick Pony
De Warkumer sjongeres Anne-Fleur_Kan sil optrede op Lowlands. Under de namme One Trick Pony hat Anne-Fleur in soad sukses. Yn april ferline jier wûn se de finale fan Kunstbende en sûnt dy tiid hat se in soad sukses op websiden as myspace.com en last.fm. Dêr kaam ek de programmeur fan Lowlands de 18-jierrige muzikante tsjin.
Behalve op Lowlands spilet Anne-Fleur begjin septimber ek op it nije muzykfestival Into the great wide open op Flylân.