Wenningbrân op It Hearrenfean
Op de Roede yn de nijbouwyk Nijehaske op It Hearrenfean is in boppeferdjipping fan in wenning útbaarnd. De brânwacht hat de brân mei fjouwer blusploegen blust.
By de wenningbrân is in soad reek frijkaam, mar it fjoer is yntusken út. De oarsaak is noch net bekend. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.