Swimme by 11 stêden lâns

© Omrop Fryslân
In groep fan 7 swimmers út Hoorn yn Noard-Hollân swimt dizze wike yn estafettefoarm in part fan de alvestêdetocht. Se dogge dat om omtinken te freegjen foar in europacup-wedstiid lange ôfstânswimmen yn augustus yn Hoorn.
Moandeitemoarn sette de earste swimmer útein yn de Swette yn Ljouwert. Moandeitejûn is de finish yn Drylts. Yn totaal wurdt dizze wike in ôfstân fan 145 kilometer ôflein.