SKS takom jier op ynternet

De test by Grou ferrûn net flekkeleas
De wedstriden fan de SKS binne takom jier sa goed as wis te folgjen fia ynternet. De proef mei it GPS-folchsysteem op ynternet is sa goed besjoen dat it bestjoer fan de SKS hjirmei fierder wol.
It systeem waard by de earste wedstryd yn Grou úttest. It wie soms sa drok op de webside dat it byldskerm op swart gong. Moandei evaluearre it bedriuw Geosports en it bestjoer fan de SKS de proef fan sneon.