Minder ynskriuwings Snitswike

20 jul 2009 - 15:15

De organisaasje fan de Snitswike hat lêst fan in tal oare grutte ynternasjonale wedstriden, lykas it WK Splash en it WK en EK Yngling. Dêrtroch binne der oant no ta hast 150 ynskriuwings minder yn fergeliking mei ferline jier.

Dochs makket de organisaasje him noch gjin soargen. Der is sels wer in nije klasse by: de Lark. Dat skip fan âld hout wie oant ein jierren '60 fêste dielnimmer oan de Snitswike. It sylevenemint begjint oer twa wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)