Arbotsjinst komt mei gryptiims

20 jul 2009 - 12:36

Arbotsjinst Achmea Vitale hat spesjale needtiims yn it libben roppen om it bedriuwslibben by te stean by in útbraak fan de Meksikaanske gryp. De teams bestean út bedriuwsdokters en arbotsjinstmeiwurkers.

De tsjinst hat ekstra minsken ynset om ferûntrêste ûndernimmers út it midden- en lytsbedriuw te wurd te stean. It giet bygelyks om kappers en sportskoallen dêr't in soad klanten oer de flier komme. Ek foar Fryslân hat de Arbotsjinst minsken beskikber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)