Wachtlisten by kredytbanken

20 jul 2009 - 12:11

Hieltyd mear minsken mei skulden kinne net mear fuortendalik holpen wurde troch de kredytbanken yn Nederlân. Dy banken moatte wachtlisten oanlizze, omdat se it smoardrok hawwe mei nije klanten.

De GKB, de mienskiplike kredytbank yn Ljouwert, hat mar leafst 20 persint mear oanmeldingen as oars. Oarsaak is de finansjele krisis. De bank hat gjin wachtlisen, omdat der yn it foar mear personiel oannommen is. Dat kin de drokte goed opfange.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)