Ynbrekkers betrape yn Ljouwert

20 jul 2009 - 09:37

De plysje hat sneintenacht yn Ljouwert twa ynbrekkers op 'e die betrape. De twa manlju, in 21- en in 27-jierrige Ljouwerter, woene ynbrekke yn in bedriuw oan de Apollowei yn Ljouwert.

In tsjûge belle de plysje. Dy seach dat de manlju dwaande wiene in doar iepen te brekken. De ynbrekkers binne oanhâlden en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)