Trio V.d. Bos wint Rengersdei

Folkert vd Wei, Gert-Anne vd Bos en Daniël Iseger (foto: Martin de Jong)
De Rengersdei yn Ljouwert, ien fan de klassikers fan it keatsseizoen, is sneintemiddei wûn troch it partoer Gert-Anne_van_der_Bos, Folkert_van_der_Wei en Daniël_Iseger.
Sy wûnen de finale op 5-5 en 6-4. De twadde priis wie foar Arnold_Zijlstra, René_Anema en Pier_Piersma. De lytse preemje wie foar it partoer Rutmer_van_der_Meer, Renze P. Hiemstra en Taeke_Triemstra.