Karin van Dijk by swimmaraton

19 jul 2009 - 17:07

Karin van Dijk fan Haulerwyk docht op sneon 8 augustus as iennichste Fries mei oan de swimmaraton Starum-Medemblik. Der dogge tweintich swimmers mei oan dit Nederlânsk kampioenskip iepen wetter swimmen.

De swimwedstryd oer de Iselmar wurdt dit jier foar de 40e kear holden. Yn it ramt fan it jubileum swimme âld-swimmers de tocht fan Starum nei Medemblik yn estafettefoarm. Ek is der in reuny foar de âld-swimmers, coaches en begelieders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)