Rêstige winkeldei yn Burgum

19 jul 2009 - 15:51

Trochdat de brêge Burgumerdaam by Burgum ôfsletten is foar alle autoferkear, wie it sneon opfallend rêstich yn it winkelsintrum fan Burgum. Dat fûnen de measte winkellju en besikers fan it doarp.

De brêge by Burgum is sûnt freedtejûn ôfsletten omdat it houten dek ferfong wurde moat. Kuierders en fytsers kinne wol oar de brêge, mar autoferkear moat omride oer Koatstertille. Guon ûndernimmers hiene koartingsaksjes opset, mar it bleau stiller as oars.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)