Oanholden foar geweldpleging

© Omrop Fryslân
Trije manlju fan 21, 23 en 24 fan Surhústerfean binne sneintemoarn oanholden foar iepenlike geweldpleging yn in hoarekabedriuw oan De Kolk yn har wenplak. Twa manlju út Burgum diene oanjefte fan it geweld.
Ien fan de fertochten sloech sûnder oanlieding in glês tsjin de holle fan in Burgumer (20). Doe't de freon (22) fan de Burgumer dêrnei mei de fertochte yn petear woe, waard er ek slein. De trije Feansters binne oanholden en meinaam nei it buro.