Stien troch rút fan bus

© Omrop Fryslân
In 34-jierrige bussjauffeur hat oanjefte dien by de plysje fan it besykjen ta swiere mishanneling. De sjauffeur, dy't sneintemoarn by syn tsjinst op de Ljouwerterdyk by Marsum ried, waard ynienen hast rekke troch in grut stik stien dy't troch it rút fan de bus smiten waard.
Dizze miste krekt de holle fan de sjauffeur. Hy koe in dúdlik sinjalemint jaan. Plysjes troffen de fertochte, in 18-jierrige Marsumer, oan en ha him oanholden.