Boaten stellen yn Grou

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket de stellerij fan in boat. Dat barde sneintemoarn oan de Bôgestrjitte yn Grou. It giet om in lyts iepen boatsje, oranje/read fan kleur mei in bûtenboardmotor fan it merk Mercuri mei reade letters. De boat lei oan de kade. In 57-jierrige Grouster hat oanjefte dien.
Yn Grou is sneontenacht ek in sylboat stellen. It giet om in Polyvalk. De boat lei oan in steiger oan de Meerswei. De 31-jierrige eigner út Ljouwert hat oanjefte dien.